Edgar Degas

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Edgar Degas

Edgar Degas (19 july 183426 septimber 1917) wie in Frânsk ympresjonistyske keunstskilder en byldhouwer.

Libben en wurk

Edgar Degas wie in soan fan Napolitaanske bankier en in kreoalske mem. Sy ferstoar op syn 13e jier. Nei syn skoaljierren studearre er noch twa jier rjochten, mar yn 1855 gie er nei in skoalle foar de keunsten. Troch syn learaar Lamothe, in âld studint fan Ingres, begûn er gefoel foar styl te sjen.

De aristokratyske eftergrûn fan Degas brocht mei him mei dat er as skilder net ôfhinklik wie fan de ferkeap. Hy koe him dêrom frijer bewege. Yn 1856 gie hy nei famylje yn Itaalje, Napels en Kapodimone. Yn oktober gie er nei Rome dêr't hy Gustave Moreau moete. Troch de ûntstiene freonskip reizgen se tegearre nei Florâns. Yn 1859, werom yn Parys, sette er syn eigen studio op. Yn de Rue Laval. De earste wurken waarden daliks al goed ûntfangen. Hy wie fan it begjin ôf oan op'e siik nei lykwicht en heldere kontoeren yn syn wurk. Hy koe dit as ympresjonist letter nea opjaan. Dat ûnderskiede him fan de oare ympresjonisten.

Degas hie alle jierren in nije ekspedysje yn de Salon fan Parys. Dêr moete er Edouard Manet in oare keunstner út in groep, dy’t letter de beweging fan de ympresjonisten foarmje soe. Yn it begjin fan syn wurkpaad, skildere Degas benammen skoalske en histoaryske stikken en sa no en dan portretten. Yn 1865 skildere Degas syn earste skilderij dat as ympresjonistysk oanmerkt wurde koe. Syn ûnderwerpen feroaren troch de konservative boargerij dy’t yn de jierren 1870 de baas wienen.

Nei 1890 brûkt Degas hast allinnich noch pastelkryt. Hy brûkte skerpe kleuren. En dat wylst er froulju en groepen ôfbylde tsjin allinnich noch mar sketsmjittige eftergrûnen. Op lettere leeftyd libbe Degas mear en mear op himsels. Hy gie der hieltyd minder op út en foar syn nije wurken brûkte er syn ûnthâld of âlder wurk.

Syn eagen waarden yn de rin fan de jierren stadichoan minder wêrtroch't er yn earste ynstânsje frijer begûn te skilderjen en mear ienfâldigere figueren makke. Doe't alles noch minder waard rjochte er him mear op byldhouwen. Nei inkele jierren fan tsjuster ferstoar er op 27 septimber 1917.

Skilderijen

Impressionism degas.jpg
  • De Absintdrinkster, Oalje op doek, 92 x 68 cm
  • La classe de danse, ± 1874
  • De ster ,1878, Pastelkryt op papier, 60 x 44 cm
  • Girl in a Wing Collar, ± 1879-80
  • Portret van Mademoiselle Isabelle Lemonnier, ± 1879-80
  • Portret van M-me Jules Guillemet, ± 1880
  • In a Café
  • At the Beach
  • Portrait after a Costume Ball
  • Portrait of Mary Cassatt
  • The Millinery Shop
  • Bathers on the grass
  • Four Dancers
  • The Bellelli Family
  • Racehorses in Front of the Grandstand
  • Self-Portrait
  • Madame Valpinçon with chrysanthemums
  • The Rape
  • The Duke and Duchess Morbilli
  • The Star
  • Madame René de Gas
  • The Orchestra of the Opéra
  • The Rehearsal
  • Edmond Duranty
  • The Morning Bath
  • After the Bath

Keppelings om utens