Hofhâlding

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In hofhâlding of in hof of hôf is it gehiel fan persoanen wêrmei't in hege wrâldske of geastlike machthawwer him omjout. Dat kin sjoen wurde as in útwreide húshâlding dy't foarhinne faak út tûzenen persoanen bestean koe. Tsjintwurdich besteane yn monargyen noch altyd hofhâldings, hoewol't dy't yn ferliking mei de sitewaasje út it ferline no in sterk ferlytse en fersobere foarm hawwe. It is sels sa dat der no net mear in soad ferskil bestiet tusken de hofhâldings sa't dy yn monargyen foarkomme, en de presidinsjele stêf dy't yn in republyk deselde funksje ferfollet.

Histoaryske hofhâldings

Histoarysk bestiene hofhâldings yn it foarste plak út it gesin fan 'e machthawwer en oare famyljeleden, oanfolle mei tsjinstfolk (lykas lakeien), liifwachten, funksjonarissen lykas de hofpredikant en de hofgenêshear, en lju dy't foar fermaak soargen, lykas de hofnar, jongleurs, akrobaten en minstreels. Mar ek heger pleatste persoanen dy't gjin famylje fan 'e machthawwer wiene, waarden derta rekkene, lykas riedslju en hofdames en soms ministers en/of útlânske gesanten. Sokke heechpleatste personaazjes waarden hôvelingen neamd, en ek wol oantsjut as it gefolch of the entoeraazje fan 'e machthawwer.

Yn Middeneastlike en oriïntaalske hofhâldings hearden ta de hofhâlding fan in hearsker yn it ferline ek faak de harem of ûnderskate konkubines en dêropta eunúchen dy't in ferskaat oan funksjes útoefenen. Soms wie dêrby de harem ôfskutte fan 'e rest fan 'e hofhâlding, mar yn Aazje wiene konkubines yn 'e regel in tige sichtber en ynfloedryk ûnderdiel fan it hôf.

Funksjes binnen in hofhâlding

Pommeranten dy't yn in hofhâlding in hege funksje beklaaie, neamt men hofdignitarissen. De heechstpleatsten fan dy kategory binne de saneamde grutofsieren, lykas:

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.