Lytse foksflinter

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Lytse Foksflinter")
Jump to navigation Jump to search
Lytse foksflinter
Lytsefoks.jpg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Aureliaflinters (Nymphalidae)
soarte
Aglais urticae

De lytse foksflinter (Aglais urticae) is in soarte yn it skaai fan de Foskes (Aglais).

Namme

De lytse foksflinter hjit yn it Frysk ek wol Foske as Lytse Foks.

Fersprieding

De lytse foksflinter is in algemiene stânflinter. De flinters komme soms foar yn grutte oantallen. Se binne faak te finen yn tunen. De flinter fertoant swalkgedrach.

Flinter

De fleantiid: ein maaie - begjin augustus, en ein july - winter - april, foaral augustus.

Rûp

Rûp

It liif fan de rûp is gieleftich griis; bytiden is de rûp donkerder. De kop is swart mei giele flekjes. Jonge rûpen meitsje spinselnêsten yn brânnettels. Dy spinsels binne maklik te finen; se binne faak te finen op iepen en sinnige plakjes. Folwoeksen rûpen libje allinnich.

De rûp fret fan de Grutte Brânnettel.

Sjoch ek

Lytse Foksflinter.