Miami (Oklahoma)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Miami (Oklahoma)
Downtown, Miami, OK street.jpg
Sifers
Ynwennertal 13.758 (2013)
Oerflak 25,4 km² (ynkl. wetter)
25,2 km² (allinnich lân)
Befolkingstichtens 530 / km²
Hichte 243 m
Polityk
Lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Steat Flag of Oklahoma.svg Oklahoma
County Ottawa County
Oar
Stifting 1891
Tiidsône UTC –6
Simmertiid UTC –5
Koördinaten 36°53′01″N 94°52′34″W
Webside www.miamiok.org
De lizzing fan Miami yn Ottawa County en yn 'e steat Oklahoma.
It histoaryske Coleman Teäter yn Miami.

Miami is in stêd yn 'e uterste noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Oklahoma. It is it haadplak fan it omlizzende Ottawa County en it beslacht in oerflak fan 25,4 km². Neffens in offisjele skatting út 2013 hie Miami doe krapoan 14.000 ynwenners. De stêd is ferneamd nei de Majêmy (Miami), in Yndiaansk folk út it gebiet fan 'e Grutte Marren, dat yn 'e njoggentjinde iuw nei dizze hoeke fan Oklahoma ta deportearre waard. Yn Miami steane de haadkertieren fan ferskate federaal erkende Yndianestammen.

Skiednis

Oars as de measte oare plakken yn it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma), groeide Miami net op 'organyske' wize, mar waard it sekuer planearre. De ûndernimmer W.C. Lykins wie dêr de driuwende krêft efter. Hy fersocht it Amerikaanske Kongres op 3 maart 1891 om in wet oan te nimmen dy't it stiftsjen fan in stêd yn 'e noareasthoeke fan it Yndiaanske Territoarium mooglik meitsje soe.

It slagge him en helje Thomas F. Richardville, it opperhaad fan 'e Majêmy dy't har yn 'e krite nei wenjen set hiene, oer om syn plannen te stypjen. Richardville oertsjûge Manford Pooler, it opperhaad fan 'e Ottawa, om him by harren te jaan. Trijeresom wisten se doe it Kongres safier te krijen dat dat it Amerikaanske Ministearje fan Binnenlânske Saken tastimming joech en kar de oankeap fan it lân goed dêr't de nije stêd op komme moast te stean. Sadwaande wurde Lykins, Richardville en Pooler tsjintwurdich oantsjut as de 'Heiten fan Miami'.

It bedriuw fan Lykins, de Miami Town Company, kocht 588 acres (238 ha) op fan 'e Ottawa foar $10 de acre. Op 25 en 26 juny 1891 waard der in iepenbiere feiling holden, wêrby't de perselen lân yn it nije stedsje by opbod ferkocht waarden. Tsjin 'e tiid dat Miami yn 1895 stedsrjochten krige, hie it mear as 800 ynwenners. Yn dy snuorje waarden der grutte foarrieden lead en sink ûntdutsen ûnder it lân fan 'e Kwapou, in pear kilometer benoarden Miami. Dy ûntdekking soarge foar grutte ekonomyske bloei. Doe't Oklahoma yn 1907 as steat yn 'e Amerikaanske Uny opnommen waard, hie Miami 1.900 ynwenners. Yn 1920 wie dat tal oanwoeksen ta 6.800.

Demografy

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Miami yn 2013 in befolking fan 13.758 minsken. De befolkingstichtens bedroech 530 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Miami 18,2% âlder as 65 jier en 24,7% jonger as 18 jier. Fierders bestie 36,2% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 19,2% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.

Ynterieur fan it Coleman Teäter.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 64,1% blanken; 17,1% Yndianen; 4,8% Latino's; 2,0% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 1,3% swarten; 0,5% Aziaten; 10,2% oaren of fan mingd etnysk komôf.

De Yndiaanske befolkingsgroep yn Miami bestiet út ferskate etnisiteiten, mei't yn Miami de haadkertieren fêstige binne fan ferskate stammen dy't yn 'e njoggentjinde iuw nei de omlizzende krite deportearre binne. Dêrûnder binne de Majêmy Naasje fan Oklahoma, de Ottawa Stamme fan Oklahoma, de Peoaria Yndianestamme fan Oklahoma en de Loyale Sjâny Stamme, allegear oarspronklik út it gebiet fan 'e Grutte Marren, en de Modok Stamme fan Oklahoma, dy't oarspronklik út noardlik Kalifornje komt.

Berne yn Miami

De saneamde Sidewalk Highway, in stik fan 'e legindaryske Route 66 by Miami.

Stoarn yn Miami

Klimaat

Miami hat in fochtich lânklimaat, mei hjitte, drûge simmers en koele oant kâlde winters. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 33,3 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 8,3 °C. Miami kriget jiers trochinoar 1.120 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 15,2 sm snie.[1]

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Klimaatgegevens foar Miami (Oklahoma) op USclimatedata.com

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.