Hendrik Willem Caspari

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Hendrik Willem Caspari (Wesel am Rhein, 28 jannewaris 1770 - Amsterdam, 8 septimber 1829) wie in Nederlânsk keunstskilder, tekener en graveur fan Dútsk komôf.[1]

Libben en wurk

Caspari ferhuze al op jonge jierren, yn 1776, nei Amsterdam. Dêr waard er oplaat ta behangskilder en gie er oan't wurk yn it behangselfabryk fan Jan Hendrik Troost van Groenendoelen. Oan Felix Meritis, in keunstsinnich genoatskip dat 1777 yn Amsterdam oprjochte waard, krige er ûnderrjocht yn tekenjen en skilderjen fan Geerlig Grijpmoed en Jan Hendrik van Grootvelt. Hy ûntjoech him ta portrettist. Hy makke portretten fan ûnder oaren Hendrik Laurenss. Spiegel, Gijsbert Karel van Hogendorp, Leopold van Limburg Stirum, Rhijnvis Feith en Hendrik Tollens. In soad fan syn tekene portretten waarden gravueres fan makke troch Jacob Ernst Marcus. Caspari makke sels ek gravueres fan syn portretten.[2] Caspari wie lid fan it Kunstbevorderend Genootschap V.W. yn Amsterdam.

Hy stoar yn de âldens fan 59 jier yn Amsterdam.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. RKD
  2. Byldbank Amsterdam: Portretten fan Hendrik Willem Caspari