Kristen Britain

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Kristen Britain
Livro preto.svg skriuwer
Imaginales 2016 - Kristen Britain.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kristen Britain
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 18 oktober 1965
berteplak ? (New York?)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
Flag of Germany.svg Dútsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy
bekendste
  wurk(en)
Green Rider
Blackveil
útjouwer DAW Books
jierren aktyf 1998 – no
offisjele webside
www.kristenbritain.com

Kristen Britain (18 oktober 1965), is in Amerikaansk skriuwster fan fantasyromans, dy't yn 1998 har debút makke mei Green Rider. Earder wie se wurksum as parkwachter yn ferskate nasjonale parken yn 'e Feriene Steaten. Underwilens hat se nominaasjes yn 'e wacht sleept foar ferskate prizen. Britain har sechsde boek ferskynde yn 2017.

Libben en karriêre

Kristen Britain, dy't fan mingd Angelsaksysk-Amerikaansk en Dútsk etnysk komôf is, groeide op yn 'e krite fan 'e Fingermarren, yn 'e Amerikaanske steat New York, dêr't se al ier hynsteriden learde. Doe't se njoggen jier wie, sette se útein mei har earste roman, in ûnderseeske fantasij mei harsels en har freondinnen yn 'e haadrol. Doe't se trettjin jier wie, brocht se har earste boek út, in cartoonsamling mei de titel Horses and Horsepeople.

Nei't se yn 1987 in bachelorstitel yn filmproduksje helle hie oan it Ithaca Kolleezje te Ithaca, mei as byfak skriuwen, socht en fûn Britain yn 1988 wurk as in parkwachter (park ranger) by de Amerikaanske Nasjonale Parktsjinst. Har beslút om dy kant út te gean, hie se nommen nei in petear mei in parkwachter by in besyk oan it Women's Rights National Historical Park yn Opper-New York. Har earste oanstelling, foar ien seizoen, ferfolle se yn 'e Clara Barton National Historic Site yn Marylân. Tsjin 'e tiid dat se har earste boek publisearre, wurke se foltiids yn it Nasjonaal Park Acadia, yn Maine, en nei eigen sizzen helle se út it lânskip dêre in protte ynspiraasje foar it oansjen fan it lân Sacoridia, dêr't Britain har ferhaal sitewearre. Troch har baan by de parktsjinst koe se har wurk dwaan op sokke útinoar rinnende plakken as 90 m ûnder it ierdoerflak oant 4.000 m boppe seenivo yn 'e Rocky Mountains, en fan 'e tekstylfabriken fan 'e Amerikaanske Yndustriële Revolúsje en de wenten fan Amerikanen dy't de skiednis feroaren oant in keale blokhutte djip yn 'e wyldernis fan Maine.

Yn 1998 publisearre Britain har earste roman, Green Rider, oer Karigan G'ladheon, in fan har kostskoalle fuortrûn opslûpen fanke dat djip yn 'e swierrichheden bedarret as se deryn tastimd om it oerbringen fan in boadskip fan krúsjaal belang oer te nimmen fan in deadlik ferwûne keninklike koerier ("Griene Ruter"). It boek waard goed ûnthelle en sleepte in nominaasje foar de Crawford Award yn 'e wacht. Britain bliek lykwols gjin flugge skriuwster te wêzen, en it duorre dan ek fiif jier ear't der in ferfolch útkaam, First Rider's Call, wêryn't tsjustere krêften gearspanne om 'e Griene Ruters leech te lizzen, en yn it ferlingde dêrfan it hiele keninkryk, oant Karigan, dêrta opdracht jûn troch de geast fan 'e legindaryske oprjochtster fan 'e oarder, regaad makket.

Sûnt binne der noch fjouwer dielen yn 'e Green Rider-searje ferskynd, The High King's Tomb, Blackveil, Mirror Sight en Firebrand, wêryn't Karigan wat langer wat djipper behelle rekket yn 'e striid om it fuortbestean fan it keninkryk Sacoridia tsjin in wol hast ûnoerwinlike fijân. Blackveil waard yn 2012 nominearre foar in David Gemmell Legend Award foar bêste fantasyroman. Kristen Britain libbet op 't heden yn in adobehûs yn 'e Nijmeksikaanske woastyn yn 'e omkriten fan Las Cruces, dêr't se har no mank kolibrys en hagedissen foltiids oan har skriuwwurk wijt.

Wurk

romans
koarte ferhalen
  • 2001 – Avalonia (yn: Avalon)
  • 2003 – Linked, on the Lake of Souls (yn: DAW 30th Anniversary Anthology: Fantasy)
  • 2008 – Justine and the Mountie (yn: Imaginary Friends)
  • 2008 – Chafing the Bogey Man (yn: Misspelled)

Prizen en nominaasjes

Jier Priis Resultaat Kategory Foar
1999 IAFA William L. Crawford Fantasy Award nominearre n.f.t. Green Rider
2012 David Gemmell Award nominearre David Gemmell Legend Award for Best Fantasy Novel Blackveil

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.