Nederlânsk kampioenskip fuotbal

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Yn Nederlân wurdt sûnt 1898 offisjeel striden om it lânskampioenskip fuotbal. Yn de tsien jier dêrfoar waard der ek al in kampioenskip fuotbal hâlden, mar dit is nea offisjeel yn de boeken kaam.

Oant en mei 1954 bestie it Nederlânske fuotbal út in amateurkompetysje. Yn dy tiid waard de kampioen bepaald troch in kampioenskompetysje. De klubs striden yn regionale kompetysjes foar dielnimming oan dizze kampioenskompetysjes. Ek nei it ynfieren fan it betelle fuotbal bleau dit sa. Yn it seizoen 1955/1956 waard de lanlike Earedifyzje ynfierd. Ek hjoed de dei wurdt de kampioen op dizze wize fêststeld.

Nederlânske kampioenskippen

'Net offisjele'-kampioenskippen

Stjer

Mei yngong fan it seizoen 2007/2008 meie klups dy’t tsien of mear kampioenskippen berikt hawwe in stjer op it sjirt drage. De klups krije der noch in ekstra stjer by as sy noch ris tsien kampioenskippen berikke.

Nei't Ajax yn it seizoen 2010/2011 foar de tritichste kear kampioen wurden is, hat de klup no trije stjerren. PSV is de ienichste klup dit op dit stuit twa stjerren hat, it hat 21 lânstitels. Klubs dy't ien op it sjirt drage meie binne Feyenoord, 14 kear lânskampioen en HVV, 10 kear kampioen. HVV is de ienichste net profesjonele fuotbalklup mei in stjer.

Ferdieling kampioenskippen

Tal Lânskampioenskippen Nederlânske Earedifyzje Fuotbal
Klub Lânskampioenskippen
Ajax Competitiester.PNG Competitiester.PNG Competitiester.PNG 30
PSV Competitiester.PNG Competitiester.PNG 21
Feyenoord* Competitiester.PNG 14
HVV** Competitiester.PNG 10
Sparta Rotterdam* 6
RAP*** 5
Go Ahead Eagles 4
HBS, HFC***, Willem II 3
AZ, Heracles Almelo, ADO De Haach, RCH 2
DWS,DOS, HFC Haarlem, Rapid JC, FC Eindhoven, Limburgia, SVV, BVV, Haarlim, De Volewijckers, SC Enschede, NAC, Be Quick, Quick De Haach, Concordia Rotterdam*, FC Twente 1

[*] Tal offisjeuze kampioenskippen